Stroom winne út stront en mais

15 jan 2005 - 13:07

Melkfeebedriuw Zijlstra yn Hallum hat freed in biogasynstallaasje yn gebrûk nommen. De ynstallaasje produsearret griene stroom út dong en natuerlike produkten lykas maïs. Dêrnei kin de stront noch op it lân brûkt wurde. De ynstallaasje is de earste yn syn soart yn Fryslân.

Sneon hâld it bedriuw Kelstein iepen hûs foar ynteressearren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)