Postma stapt op as wethâlder

© Omrop Fryslân
FNP'er Wybe Postma stapt op as wethâlder fan Tytsjerksteradiel. Postma is min te sprekken oer de gearwurking mei de gemeenterie yn it nije duale stelsel. Dy nije wurkwize moat soargje foar mear diskusje yn de rie. Postma konstatearret dat it mear in fraach-en-antwurd-spul wurden is tusken de rie en boargemaster en wethâlders.
Postma waard nei de ferkiezings fan 2002 as wethâlder keazen. Oer twa wike draacht er syn taken oer.