Nilsson nei SC Heerenveen

14 jan 2005 - 17:18

De Sweedske fuotballer Lars Nilsson komt definityf nei Sportclub Heerenveen. De oanfaller (23) tekenet in kontrakt oant 2008.

Trener Gert Jan Verbeek hie earder al oantrúnd op de komst fan Nilsson, mar de ûnderhannelings wiene dreech. Omdat Stevan Selakovic en Youssouf Hersi fuortgien binne, binne der no wol mooglikheden Nilsson per direkt oer te nimmen. De Sweed kin sawol yn it sintrum as oan de linkerfleugel spylje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)