'Mear lûdshinder fleanbasis'

© Omrop Fryslân
Omwenners fan de fleanbasis Ljouwert krije mooglik mei noch mear lûdsoerlêst te meitsjen. Dat tinkt de kommisje lûdshinder. De fleanbasis hie earder tasein dat der minder leven makke wurde soe. Mar no docht bliken dat der mear fluchten makke wurde.
De fleanbasis ûntkent dat der mear lûdshinder komme sil. It tal fleantugen yn de loft nimt wol ta, mar it oantal oefeningen wurdt krekt minder.