Namme NDC ferdwynt

14 jan 2005 - 17:03

De namme 'Noordelijke Dagblad Combinatie' ferdwynt, nei de fúzje fan de NDC mei de útjouwerij Veen Bosch en Keuning. De fúzje mei Veen Bosch en Keuning waard in moanne lyn al oankundige.

Beide útjouwers binne it no iens wurden oer de betingsten. Neffens direkteur De Roos fan de NDC past de namme fan syn bedriuw net by de nije fúzjeorganisaasje, omdat dy lanlik wurket.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)