Fryske hûzeprizen net omheech

14 jan 2005 - 15:50

Yn tsjinstelling ta lanlike sifers, binne de hûzeprizen yn Fryslân ferline jier net boppe de prizen fan 2003 útkaam. Yn hiel Nederlân giene de prizen gemiddeld sa'n 2,5 prosint omheech. Yn plakken as De Lemmer, It Hearrenfean en De Jouwer waard yn 2004 sels minder foar hûzen betelle. Neffens makeldersferiening NVM-Fryslân stelle minsken de oankeap fan in hûs út. Sa is der minder konkurrinsje op de merk en dat hat ynfloed op de priis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)