Boeren lilk op Dierenbescherming

© Omrop Fryslân
De Dierenbescherming fiert op dit stuit in heksejacht tsjin boeren. Dy krityk wie te hearren by in rjochtsaak tsjin in boer út Wurdum. By him waarden 200 skiep yn beslach naam, omdat er se neffens de bistebeskerming net goed fersoarge. Ferline wike waarden om dy reden yn Jorwert kij yn beslach naam.
Neffens de boeren treedt de Dierenbescherming folle hurder op as de Algemene Inspectiedienst. De NLTO neamt dat optreden strang mar rjochtfeardich.