Botsing bestelbus mei trein

14 jan 2005 - 14:51

In ynwenner fan Ljouwert is tongersdei slim ferwûne opnaam yn it sikehûs, neidat er mei syn bestelbuske yn botsing kaam wie mei in trein. It ûngelok gebeurde op it spoar tusken Ljouwert en Deinum. De 57-jierrige bestjoerder waard troch de klap út it buske slingere.

De masjinist fan de trein hat noch besocht in oanriding foar te kommen troch te toeterjen en te remjen. Dat hie lykwols gjin effekt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)