Rekkenkeamer foar Littenseradiel

14 jan 2005 - 14:07

Yn de gemeente Littenseradiel wurdt moandei de rekkenkeamer ynstalleard. Sa'n kommisje kontrolearret oft de gemeenteried syn wurk goed docht. It giet der dan foaral om at mienskipsjild wol ferantwurde útjûn wurdt. Boargemaster Liemburg sil de kommisje moandei offisjeel ynstalleare.

Littenseradiel is de tredde gemeente yn Fryslân mei in eigen rekkenkeamer. Hearrenfean en Tytsjerksteradiel ha earder al ien yn it libben roppen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)