Soargen oer Nijenstein Bûtenpost

© Omrop Fryslân
De ynwenners fan Bûtenpost meitsje har soargen oer de nije bestimming fan it pân Nijenstein. Earder sieten dêr it gemeentehûs en muzykskoalle de Wâldsang yn. No komt der in grand-café en restaurant. Mar ynwenners fernimme net dat der wat oan it gebou dien wurdt.
Neffens wethâlder Van der Ploeg binne noch net alle fergunningen rûn. Dat wurdt ynkoarten regele. De ferbouwing kin foar de simmer los. Nijenstien kin dan de kommende hjerst wer iepen.