'Opsjitte mei plannen skatebaan'

14 jan 2005 - 11:19

Wethâlder Arend Veenstra (PvdA) fan Achtkarspelen hat krityk krigen fan syn eigen partij. Veenstra hat fan de ried opdracht krigen in nije lokaasje foar in skatebaan yn Surhústerfean te finen. Dat moat omdat in foarstelde lokaasje by it sportpark ôfkard is troch de ried.

Veenstra is lykwols noch hieltyd net mei in nije lokaasje kaam. De PvdA wol dat de wethâlder faasje makket mei it finen fan in oplossing.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)