F16 troch lûdsbarriêre

© Omrop Fryslân
In strieljager is tongersdeitemoarn boppe Fryslân troch de lûdsbarriêre flein. Dat feroarsake in knal dy't yn hiel Noardeast-Fryslân te hearren wie. Yn Ljouwert giene der selfs auto-alarmen troch ôf.
De strieljager wie in F16 fan de fleanbasis Twente. Op radarbylden wurdt noch ûndersocht wat der krekt bard is. Ferline jier is der ek in fleantúch boppe Fryslân troch de lûdsbarriêre flein. Dêr kamen njoggen klachten oer.