BOB-jûn foar frijwilligers

BOB logo © Omrop Fryslân
Frijwilligers yn sportkantines binne ien fan de wichtichste skeakels yn de nije BOB-kampanje. Dat die tiisdei bliken by in ynformaasjegearkomste foar sportferienings. Mei de nije kampanje moat dúdlik wurde dat de BOB gjin drip drank nimt, sels net as dat wetlik tastien is. It barpersoniel soe dit yn 'e gaten hâlde moatte. Net elkenien sjocht dat sitten. Kritisy tinke dat hjirtroch frijwilligers net mear achter de bar stean wolle út benaudens foar lulke reaksjes.
De BOB kampanje rint oant juny. Dan komt der in mjitting om te sjen oft de kampanje effekt hân hat.