'Mear winst troch gearwurking'

© Omrop Fryslân
Bedriuwen op ien yndustryterrein kinne mear winst meitsje at se mear mei elkoar gearwurkje. Dat sei foarsitter de Vries fan de Commerciële Club Weststellingwerf tongersdei by de iepening fan it fernijde yndustryterrein Schipsloot yn Wolvegea.
De Vries ropt de provinsje op om jild en middels beskikber te stellen foar dy gearwurking, it saneamde parkmanagement. Op Schipsloot dogge hast alle 60 bedriuwen dêr oan mei.