Guon leden Waadferiening lulk

© Omrop Fryslân
Guon leden fan 'e Waadferiening meitsje harren lulk omdat de feriening om tafel wol mei de NAM. De feriening wol prate oer de betingsten foar it winnen fan gas út de Waadsee. Neffens Attie Bos, de inisjatyfnimmer fan 'e fakkelaksje tsjin de gaswinning, kin it boarjen nei gas noch wol opkeard wurde.
Frou Bos tinkt der oer om har lidmaatskip op te sizzen. Neffens Hans Revier fan 'e Waadferiening is mar in lytse minderheid fan 'e leden lulk.