Minder skoalferlitters yn 2010

© Omrop Fryslân
It oantal jongeren dat de skoalle ferlit sûnder de oplieding ôf te meitsjen, moat yn 2010 de helte lytser wêze. Dat is de ôfspraak dy't alle Europeeske lannen mei elkoar makke ha.
Yn Fryslân is in Regionaal Meld- en Coördinatiepunt (RMC) foar skoalferlitters. Dat krijt ekstra personiel om de problemen lytser te meitsjen. It RMC kin it wurk no hast net oan.