Selstraf easke tsjin swartrider

14 jan 2005 - 07:33

It Iepenbier Ministearje hat by de rjochtbank yn Ljouwert fjouwer wiken selstraf, wêrfan twa ûnder betinkst, easke tsjin in notoire swartrider út Frjentsjer. De man (21) hat al twa kear in treinferbod skeind. Hy reizige faak sûnder kaartsje.

It IM hopet dat de rjochter oer twa wiken deselde straf opleit oan de man. Eardere proefprocessen tsjin swartriders binne troch ferskate oarsaken op neat útrûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)