Soad Fryske genealogy-gegevens

13 jan 2005 - 16:35

Fryslân rint foarop as it giet om de digitalisearring fan gegevens út de boargerlike stân. Yn de lanlike database Genlias sitte op dit stuit 5,7 miljoen stikken. Ien miljoen dêrfan komme út Fryslân.

Genlias in database dy't fia ynternet te rieplachtsjen is. Der sitte genealogyske gegevens yn út de perioade 1811 - 1925. Foaral minsken dy't in stambeam-ûndersyk dogge meitsje gebrûk fan Genlias.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)