Mear Ingelsk op Fryske havo/vwo

© Omrop Fryslân
Skoallemienskippen Liudger yn Drachten en Piter Jelles yn Ljouwert begjinne yn it nije skoaljier mei Ingelsktalige lessen. Sûnt ferline jier jout it Marnekolleezje yn Boalsert al in part fan syn lessen yn it Ingelsk.
Op hegeskoallen en universiteiten wurdt hieltyd faker les jûn yn it Ingelsk. Dêrtroch groeit ek it ferlet oan Ingelsk ûnderwiis op de havo en it vwo, sa tinke de skoallen. De dosinten wurde no bijspikere mei kursussen yn Ingelân.