Plan foar Fryske Universiteit

13 jan 2005 - 10:46

Ljouwert krijt mooglik in Universiteit fan Fryslân. Dat soe dan wêze yn it Auck Petershûs oan 'e Nijstêd, it gebou mei de grutte stiennen trep. Dêr kin it Cartesius Ynstitút út Frjentsjer, mar ek de nije Waadakademy yn festige wurde. Fierders kin de Kenniskampus in rol spylje yn de universiteit.

De provinsje en de gemeente Ljouwert binne dwaande om de ideeën foarm te jaan. Wethâlder Krol is noch foarsichtich oer de plannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)