Hierders socht foar ateliers

13 jan 2005 - 09:28

De nije eigner fan de Infirmerie yn Ljouwert, de Korporaasjeholding Fryslân, wol aktyf op syk nei hierders foar de 10 ateliers yn it monumintale pân. Troch de oankeap is de Infirmerie rêden fan in fallisemint. De skuldelêst wie oprûn nei 2,7 miljoen euro.

De korporaasje slút nije hierkontrakten ôf mei sittende hierders Keunstútlien en Keunstwurk. Fierder moat de atelier- funksje behâlden bliuwe. As it slagget ferdwynt de Stichting Byldzjende Keunst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)