Húsdokters fiere aksje

© Omrop Fryslân
Fryske húsdokters slute har oan by de lanlike aksje foar behâld fan kwaliteit. Troch maatregels fan oerheid en soarchfersekerders is de takomst fan de húsartsesoarch yn gefaar brocht.
De húsdokters wolle dat de minister foar bettere ûndersteuning fan de húsdokters soarget. Der moat ek ynvestearre wurde yn de oplieding. As dat net dien wurdt, ferwachtsje de húsdokters dat de kwaliteit fan de soarch yn de takomst minder wurdt.