Jild foar Broeretsjerke

© Omrop Fryslân
De provinsje stelt goed 250.000 euro beskikber foar de restauraasje fan de Broeretsjerke yn Boalsert. De tsjerke út 1300 gie yn 1980 troch brân foar in grut part ferlern.
Foaral de lêste tsien jier is in protte war dien om de ruïne te restaurearjen en te oerkaapjen mei in glêzen dak. Dy operaasje kostet goed trije miljoen euro. Ynkoarten wurde de wurksumheden oanbestege.