Coach-projekt docht fertuten

© Omrop Fryslân
In soad sportferienings yn Fryslân hawwe op it stuit te min trainers en frijwilligers. It Underwiiskundich Advysburo Opsterlân hat in projekt ûntwikkele dêr't jongeren tusken de 15 en 18 jier by de eigen feriening staazje rinne kinne as trainer. De jongeren bliuwe dêrnei faak aktyf as frijwilliger of kinne trainer wurde.
Yn Opsterlân dogge 15 jongeren fan fiif sportferienings mei oan it projekt. De ferienings krije subsydzje.