Kalinderaksje Lions: 10.000 euro

12 jan 2005 - 12:24

De ferkeap fan kalinders troch de Lionsklub fan Weststellingwerf hat 10.000 euro opsmiten. It bedrach is tiisdei oanbean oan trije ferienings. It giet om de ôfdieling Wolvegea fan de Zonnebloem, de Stichting Kinderboerderij Wolvega en in projekt foar blinen yn ûntwikkelingslannen.

De trije ferienings krije elk 2.000 euro. It bedrach dat oerbliuwt giet nei in fûns dêr't de Lionsklub needhelp út betellet by rampen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)