Harkemase Boys út de beker

Harkemase Boys is yn de achtste finale fan it noardlik bekertoernoai útskeakele troch sneonshaadklasser Drachtster Boys. Nei 90 minuten stie der in einstân fan 1-1 op it boerd. De needsaaklike penalty's waarden troch Drachtster Boys allegear benut. Foar Harkemase Boys, bekerwinner fan ferline jier, miste Rob van Bunderen. De stedsderby tusken Snits Wyt Swart en ONS Snits waard mei 2-0 wûn troch ONS. De sneonshaadklasser wie de bettere ploech. De goals kamen op namme fan Chris de Wagt en Ale de Boer.
ONB soarge foar in ferrassing troch nei penalty's te winnen fan sneinshaadklasser MSC. De wedstriid einige yn 1-1. De Drachtsters namen de strafskoppen better. Staphorst wie mei 5-0 folle sterker as Nylân. Ek de sneonshaadklasser bekeret fierder. Earder waard de wedstriid tusken Hoogeveen en Broekster Boys al spile. Ek dizze wedstriid einige yn 1-1. Hoogeveen naam de penalty's better en giet sadwaande fierder.