Jeen van den Berg is eareboarger

© Omrop Fryslân
Alvestêdeleginde Jeen van den Berg is tiisdei beneamd ta eareboarger fan It Hearrenfean. Van den Berg ried sân kear de Alvestêdetocht. Yn 1954 waard er winner. By de tige swiere tocht fan 1963 einige de Feanster as tredde.
De krekt 77 jier wurden Van den Berg ried dêrnjonken ek in protte koartebaan wedstriden. Syn grutte kolleksje prizen hat hy yn novimber oan it Reedrydmuseum yn Hylpen skonken.