Medyske dossiers op strjitte

12 jan 2005 - 10:32

By it leechheljen fan MCL Noard yn Ljouwert binne net alle medyske gege-vens fan de pasjinten goed opromme. Nei de hurde wyn kaam in stik fan in dossier yn de tún oan de Troelstrawei telâne. De direksje fan it sikehûs hat der gjin ferklearring foar.

It sikehûs soe nei de ferhuzing goed trochsocht wêze om foar te kommen dat fertroulik materiaal lizzen bleau. De fer-wachting is dat der net mear medyske gegevens op strjitte komme te lizzen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)