Oplichting troch besoarchservice
In protte bedriuwen yn Fryslân wurde de lêste dagen oplichte troch de Nationale Bezorg Service. Yn in faks wurdt frege kontakt op te nimmen fanwege in grut pakket dat besoarge wurde moat.
As it nûmer op de faks belle wurdt, komt in tige kostbere ferbining ta stân mei de Fiji-eilânnen. Meldingen fan de faks komme rûnom út 'e provinsje wei.