'Gjin kasino yn Hearrenfean'

© Omrop Fryslân
FNP-riedslid Wiebe Hoekstra fan Skarsterlân wol dat de gemeente de komst fan in kasino op it Hearrenfean tsjinhâldt. Hoekstra fynt in kasino net in goeie saak, foaral net foar de swakkeren yn de mienskip.
Boargemaster Kuiper fan Skarsterlân wol Hearrenfean net tsjinhâlde. Hy wol net itselde dwaan as wat Skarsterlân Hearrenfean ferwyt. It Fean hat ferline jier de komst fan in supermerk yn Aldehaske tsjinhâlden.