Aksjes foar Azië gean troch

© Omrop Fryslân
Yn Fryslân wurdt noch hieltiten jild binnenhelle foar de slachtoffers fan de seebeving yn Azië. In kollekte dy't yn Sint Nyk en omkriten hâlden is, brocht hast 3.000 euro op. In aksje yn swimbad de Blauwe Golf yn Ljouwert smiet dik 2.200 euro op. Besikers koene foar ien of twa euro swimme, de opbringst wie foar giro 555.
Grutkafee de Swetser yn Drachten hâldt sneon in ynsammeling foar Azië. In part giet nei in stichting foar weesbern.