GCO Fryslân fuseart

© Omrop Fryslân
Underwiisbegeliedingstsjinst GCO Fryslân fuseart mei de kollega-organisaasje yn Grinslân. Beide geane fierder ûnder de namme CEDIN.
Troch de fúzje kinne de organisaasjes better ynspylje op de feroarings yn it ûnderwiis. De gearwurking hat gjin gefolgen foar it personiel. CEDIN hat mei elkoar 2500 minsken yn tsjinst. Der binne 800 skoallen by oansletten, mei meiinoar 100.000 learlingen.