Marrum helpt troffen gesin

11 jan 2005 - 15:54

De frou en har bern út Marrum, dy't dit wykein troffen waarden troch in brân yn har hûs, ha wer genôch klean. Ynwenners fan Marrum en omkriten hawwe dêr foar soarge. Neist klean hat it gesin ek saken as boartersguod krigen.

It guod waard fernield by in brân, dêr't sneon ek ien fan de sân bern fan de frou by om it libben kaam. Offisjele ynstânsjes ha yntusken foar ferfangende wenromte foar it gesin soarge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)