Plysje foarkomt hennepkwekerij

11 jan 2005 - 15:54

De plysje hat moandei yn Warkum in man (23) út dat plak oanhâlden, omdat er in hennepkwekerij opsette woe. De plysje hie in tip krigen dat op it Noard in auto stie, fol mei swarte blompotten. Ut ûndersyk die bliken dat der ûnder oare ek noch jerrycans mei groeimiddel en in ôfsûchynstallaasje yn de auto leine.

De plysje hat de eigner fan de auto opspoard en meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)