'Mear dwaan mei dossiers'

11 jan 2005 - 10:50

De problemen fan jonge bern wurde net genôch oanpakt. Dy krityk komt fan direkteur Jacobi fan de GGD-Fryslân. Der soene de wrâld oan dossiers lizze by gemeenten, de jeugdsoarch en de GGD, dêr't neat mei dien wurdt.

Ynformaasje út dy dossiers soe brûkt wurde moatte om de soarch te feroarjen en te ferbetterjen. Jacobi wol dat de GGD tenei mear útgiet fan wêr't minsken ferlet fan ha. Sa kinne problemen by foaral jonge bern gauer oanpakt wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)