Minder plysje-surveillance

11 jan 2005 - 10:41

Yn Fryslân sille tenei nachts minder plysjes surveilleare. Neffens korpssjef Wagenaar kin it tal plysjes werom fan 32 nei 22. Dat is mooglik omdat der nachts oer it generaal net safolle krimineels bart as oerdeis.

Wagenaar wol ek dat plysjesjefs ferantwurding ôflizze yn de gemeenteried. De polityk kin dan sjen oft de doelen fan in feiligensplan helle binne. Soks soe dit jier al ynfierd wurde kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)