Derk Schut op proef nei Cambuur

11 jan 2005 - 00:00

Cambuur krijt oanfaller Derk Schut op proef. De tweintichjierrige broer fan Utrecht-spiler Alje Schut krige in moanne lyn te hearren dat syn kontrakt by FC Den Bosch ûntbûn waard. Hy kaam dêr net oan spyljen ta.

Neffens ynterim-trainer Jan Schulting is in ekstra oanfaller ek in oanfolling no't Thijs Houwing en Jan Bruin wer beskikber binne. Derk Schut spile oant no ta 31 wedstriden foar Den Bosch en skoarde der 7 kear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)