Nije tsjinstregeling foar bussen

© Omrop Fryslân
De nije tsjinstregeling foar bussen is moandei yngien. Dat gie sûnder grutte problemen. De measte reizgers wisten wol dat der it ien en oar feroarje soe, sa ornearje ferfiersbedriuwen Arriva en NoordNed.
Der ferdwine wol in soad tsjinsten. Sa sil der nei seizen yn lytse doarpen gjin bussen mear ride. En ek yn 'e wykeinen ferfalle der bussen. Sa ride der yn 'e wykeinen minder bussen tusken Drachten en Ljouwert.