Jonkje ferstoarn by brân

10 jan 2005 - 17:59

It jonkje fan njoggen dat dit wykein earnstich ferwûne rekke by in brân yn in hûs yn Marrum, is ferstoarn. It jonkje waard nei de brân nei it sikehûs yn Ljouwert brocht, mar waard fanwege syn ferwûnings trochstjoerd nei it akademysk sikehûs yn Grins. Dêr is er sneintemiddei ferstoarn.

Syn mem, dy't ek ferwûne rekke, is yntusken út it sikehûs ûntslein. De brân ûntstie sneon yn ien fan de sliepkeamers fan it hûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)