Mulder 'fernuvere' oer Andriesen

© Omrop Fryslân
Deputearre Bertus Mulder fan kultuer is fernuvere oer de útspraken fan syn kollega en partijgenoate Anita Andriesen oer it Frysk yn it basisûnderwiis. Andriesen sei moandei tsjin Omrop Fryslân dat sy tsjin de ferleging fan de kearndoelen fan it fak Frysk is.
Mulder fynt dat nuver, omdat neffens him it kolleezje fan deputearre steaten meiinoar besletten hat dat de kearndoelen oanpast wurde moatte.