Froulju Snits ûnderút

10 jan 2005 - 17:10

De folleybal-froulju fan Snits ferlearen sneintejûn thús mei 0-3 fan Sliedrecht Sport. De setstannen wiene 18-25, 20-25 en 22-25. Troch it ferlies wurdt it foar Snits dreech om by de boppeste acht te kommen. In plakje by de earste acht jout rjocht op it meidwaan oan de play-offs.

Coach Olof van der Meulen jout de hope op it achtste plakje net op, mar hy wyt dat it in hele toer wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)