Grûnfersmoarging op ynternet

10 jan 2005 - 15:57

De provinsje hat de plakken dêr't de grûn fersmoarge is, op ynternet set. De lokaasjes kinne besjoen wurde op www.fryslan.nl/bodemloket. Der binne bûten de gemeente Ljouwert sawat 75.000 plakken mei mooglike grûnfersmoarging.

Twatredde part is nei ferwachting licht fersmoarge. Fan 25.000 oare plakken moat neier ûndersocht wurde oft de fersmoarging risiko's foar minsk en natuer opsmyt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)