Kramer twadde by EK

© Omrop Fryslân
Sven Kramer is op it EK all round reedriden op Thialf ferrassend twadde wurden. De junior út Aldskoat levere op de ôfslutende tsien kilometer in formidabele prestaasje. Hy waard dêrop twadde, efter Grodum, yn in tiid fan 13.09,55. It wie Kramer syn twadde tsien kilometer pas.
Jochem Uytdehaage waard yn Hearrenfean Europeesk kampioen. Hy bleau úteinlik Kramer mar krekt foar. Carl Verheijen waard tredde, Mark Tuitert fjirde.