Underwiiskommisje komt mei advys

© Omrop Fryslân
Foar de iepenbiere basisskoallen yn Opsterlân moat in aparte bestjoers- kommisje oansteld wurde dy't sizzenskip krijt oer dy skoallen. Fierder moatte alle 18 skoallen wer in eigen direkteur krije. Dat stiet yn it advys fan de kommisje fan ûndersyk dy't oansteld is troch de gemeente.
Der binne al lang problemen op de iepenbiere skoallen yn Opsterlân. Ut in rapport fan de ûnderwiisynspeksje die bliken dat skoallen min prestearre.