Fyfde titel foar Friesinger

© Omrop Fryslân
Anni Friesinger is snein yn Thialf foar de fyfde kear Europeesk kampioen all round reedriden wurden. Sy waard op de ôfslutende fiif kilometer tredde. Yn it einklassemint waard Friesinger folge troch har lângenoaten Daniela Anschütz en Claudia Pechstein.
Junior Ireen Wüst wie mei it fjirde plak ferrassend de beste Nederlânske. Groenewold wie fyfde, Ankoné sechsde en Moniek Kleinsman sande.