Helder makket benefytsingle

09 jan 2005 - 20:53

De Fryske band Helder bringt in benefytsingle út. De opbringst fan de Frysk- en Nederlânsktalige single is bestimd foar giro 555.

De single is in ferfolch op in aksje fan ôfrûne tongersdei. Doe die steatelid Hanny Palmen in oprop oan muzikanten om muzyk te skriuwen by in tekst fan har oer de ramp. Helder melde him en koe oan it ein fan de Azië-útstjoering it nûmer op radio en tv hearre litte. It komt no op single út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)