Kramer fjirde op 1500 meter

09 jan 2005 - 14:18

Jochem Uytdehaage hat sneon by it EK allround reedriden op It Hearrenfean de 1500 meter wûn. De tiid fan de TVM- rider wie 1.47,45. Mark Tuitert waard twad op dy ôfstân en Carl Verheijen tred. Sven Kramer fan Aldskoat waard 4e.

Yn it tuskenklassemint stiet Tuitert op it earste plak. Kramer stiet op in fjirde plak. By de froulju wûn Anni Friesinger de 1500 meter. Se skreau ek de 3 km op har namme. Se stiet boppe oan yn it tuskenklassemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)