Nijjiersburrel PvdA Fryslân

© Omrop Fryslân
De Partij fan de Arbeid Fryslân hie sneon de tradisjonele nijjiersburrel. It liket in goed jier te wurden foar de soasjalisten. Yn de peilings stiet de partij op grutte winst. Mar der is ek krityk op partijlieder Wouter Bos. Hy soe him te min oppenearje.
PvdA Fryslân wol har yn 2005 mei it each op de gemeenteriedsferkiezings fan takom jier mei spesjale kampanjes mear op strjitte sjen litte.