Cambuur wint benefytwedstriid

© Omrop Fryslân
Cambuur hat snein in benefytwedstriid tsjin Snits wûn. De Ljouwerters stapten mei in 0-7 oerwinning fan it fjild. By Cambuur debutearre Markus Topmüller, dy't op proef is. De Dútser skoarde twa kear. Hy waard yn de rêst wiksele foar Thijs Houwing, dy't fan in blessuere weromkomt. Ek Houwing wist te skoaren.
De opbringst fan it duel, sa'n seistûzen euro, giet nei giro 555. Op it duel kamen sa'n tûzen minsken ôf.