Cinesneek wurdt grutter

08 jan 2005 - 15:56

Cinesneek krijt der yn 2007 trije nije sealen by. De bioskoop en it teater yn Snits wol mear teaterfoarstellings ha.

Foar de gruttere artysten is de besteande seal mei 450 stuollen te lyts. Der komme 100 stuollen by. Dy ferbouwing lit noch even op him wachtsje. Oer twa wiken begjint de ferbouwing fan de foyer en de hal. Dy moatte feroarje yn in teaterkafee.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)